Byld Hotze Schuil ûntbleate
Yn Harns is woansdeitemoarn it stânbyld fan de legindaryske keatser Hotze Schuil ûntbleate. De bêste keatser fan de foarige ieu ferstoar ferline jier novimber op 81-jierrige leeftyd.
It byld waard ûntbleate op in spesjale dei yn Harns. It barde op de keatspartij fan de stêd, de Ouwe Seunenpartij. It byld is makke troch keunstner Hans Jouta út Ferwert.