Nasjonaal FM út de loft

06 jul 2006 - 09:18

De kommersjele radiostjoerder Nationaal FM út Burgum is sûnt tiisdei út de loft. De stjoerder dy't foaral Nederlânsktalige muzyk útstjoerd hat trije eterfrekwinsjes yn Fryslân.

De webside radio.nl skriuwt dat der problemen binne mei de stroomfoarsjenning fan de stjoerder yn Ljouwert. By Nationaal FM wie nimmen berikber foar kommintaar. It radiostasjon soe finansjele problemen ha.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)