Lieuwe Westra wint yn Noarwegen
Hurdfytser Lieuwe Westra fan Mûnein hat woansdei de earste etappe yn Noarwegen fan it 'Norsk Syklefestival 2006' wûn. Hy wie de bêste yn de etappe fan Fagernes nei Laerdal oer goed 150 kilometer.
Jenning Huizenga fan Frjentsjer waard sande, Nathan Lootsma fan Ljouwert tweintichste. Dizze trije Friezen ha noch fiif etappes yn Noarwegen te gean.