Minister wol beslút oer Waadsee

© Omrop Fryslân
Minister Dekker fan VROM is dochs fan doel om twa wichtige besluten foar it Waadgebied troch de keamer te loadsen, ek al is se demissionêr. It giet om de Planologische Kernbeslissing Waadsee (PKB) en it Waadfûns.
Omdat it regear ferline wike fallen is, is it noch de fraach oft de keamer der oer prate wol. De minister spruts op in wurkbesite oan it Amelân woansdei de ferwachting út dat it wol kin.