Tafersjoch op berne-opfang

© Omrop Fryslân
De gemeente Ljouwert stelt twa tafersjochhâlders oan om te kontrolearen of't de berne-opfang oan de regels foldocht. De gemeente hat de wetlike taak om ta te sjen op de kwaliteit fan de opfangfoarsjennings foar bern yn Ljouwert.
De tafersjochhâlders komme by de GGD wei. At sy sjogge dat in opfang net oan de kwaliteitseasken foldocht, kin de gemeente yngripe, mei in boete,in twangsom of in eksploitaasjeferbod.