Tom Otte op koers op WK

05 jul 2006 - 13:37

De Snitser siler Tom Otte stiet noch hieltyd earste nei de twadde dei fan it iepen WK yn de Yngling klasse. Yn it Frânske La Rochelle sylde Otte tiisdei nei in twadde en in sande plak. Dat wie genôch om oan de lieding te bliuwen. Ferline jier eindige Otte as twadde.

Hidde Jan Haven fan Snits stiet fjirde, Marcel de Jong fan Snits seisde, Maarten Jamin fan de Joure 11e en Sander Zwanenburg fan Snits 13e.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)