Opnames Dankert & Dankert los

© Omrop Fryslân
Boargemaster Dales fan Ljouwert sil syn akteardebút meitsje yn de Fryske dramasearje Dankert en Dankert. Dizze simmer wurde 15 nije ôfleverings opnommen fan de advokatesearje. Foar de nije searje binne ferskate senarioskriuwers oan de slach gien mei bekende strafsaken.
Woansdei is de earste opnamedei fan de nije searje. Oare gastrollen wurde dizze simmer spile troch ûnder oare Kitty Courbois en Anne Wil Blankers.