Gymnastykguod fuortjûn

05 jul 2006 - 12:33
Foto: Omrop Fryslân

De gemeente Hearrenfean jout de ynventaris fan twa sporthallen fuort. It guod giet nei skoallen foar bern mei in beheining yn de Oekraïne en Ethiopië. Beide sporthallen wurde sloopt omdat de gemeente tenei te plak kin yn Sportstad Heerenveen.

Neffens de gemeente Hearrenfean binne de klimrekken, bokken, brêgen, springkasten en al it oare guod wol ôfskreaun, mar noch lang net oan ein.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)