Heechste heabulte noch net klear

© Omrop Fryslân
De heechste heabulte fan'e wrâld is noch net klear. De bulte yn Nijehoarne hie tiisdeitejûn klear wêze moatten, mar dat slagge troch de hjitte net.
De bulte wurdt tsien meter heech en hat in omtrek fan 55 meter. Doel is om hjirmei yn it Guinness Book of Records te kommen. It giet om in stunt ta eare fan it tritichjierrich bestean fan it Flaeijelfeest dat alle jierren yn septimber plakfynt yn Alde- en Nijehoarne.