Toeristebelesting net omheech

05 jul 2006 - 12:26
Foto: Omrop Fryslân

De gemeente Gaasterlân-Sleat sil de toeristebelesting net ferheegje. Dat sei boargemaster Thea de Roos tiisdei tsjin de minsken dy't by it gemeente-hûs aksjefierden.

It protest wie in inisjatyf fan de brânsj-organisaasje RECRON, it Horekabûn en de HISWA. Sy wiene ûngerêst wurden neidat de gemeente yn de maaitiidsnota skreaun hie dat de toeristebelesting mooglik ferhege wurde soe fan ien euro nei 1,50 euro.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)