Arriva fuort út it Hearrenfean?

05 jul 2006 - 11:28
Foto: Omrop Fryslân

It is frijwol wis dat it haadkantoar fan Arriva út it Hearrenfean weigiet. Neffens direkteur Hettinga leit it Hearrenfean net sintraal genôch no't it bedriuw hieltyd mear lanlike sprieding krijt. Tiisdei waard bekend dat Arriva oant 2019 in grut part fan it streekferfier yn Súd-Hollân fersoargje mei.

It bedriuw ferliest yn Fyslân terrein oan Connexxion. Dêr rint noch wol in rjochtsaak oer, tsjin de provinsje.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)