'Fries Aardewerk' krijt priis

© Omrop Fryslân
De dr. Joost Halbertsmapriis foar wittenskiplik wurk is takend oan it wurk 'Fries Aardewerk'. 'Fries Aardewerk' is in searje fan sân boeken oer de ûntwikkeling fan it Fryske ierdewurk yn Makkum, Harns en Boalsert fan de 17e oant de 20ste ieu.
De Halbertsmapriis wurdt ien kear yn de trije jier takend foar wittenskiplik wurk oer Fryslân. De priis bestiet út in bedrach fan 4.000 euro en in oantinken.