Selstraf foar mishanneling

05 jul 2006 - 10:11

In man (25) út Burundi hat tsien moanne sel krigen foar mishanneling. De mei HIV-besmette yllegale Burundees soe yn in disko in plysje biten en in meiwurkster oanfallen en klaud ha.

Neffens in saakkundige is de kâns op oerdracht fan it firus net sa grut. Dochs fûn de rjochter dat mishanneling bewiisd wurde koe. Omdat de fertochte yn foararrest sitten hat, komt er gau frij en wurdt er útset.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)