Mear karpoolplakken yn Fryslan
Fryslân krijt trije nije karpoolplakken. Dy wurde oanlein by Aldskoat, Blauforlaet en Bûtenpost. Trije oare karpoolplakken by Nytap, Garyp en Eastersee wurde útwreide.
De provinsje hopet sa de berikberens yn de provinsje te ferbetterjen. Meiïnoar binne der no 41 karpoolplakken yn Fryslân. De nije foarsjennings moatte noch dit jier klear wêze.