Pineholle: sân jier wachtsje

© Omrop Fryslân
De pineholle-klinyk yn Dokkum hat in wachtlist fan sân jier. Sa'n 1.000 minsken út it hiele lân wachtsje op in behanneling yn de spesjalisearde klinyk yn sikehûs De Sionsberg. De ôfdieling is noch mar in jier iepen.
De lange wachtlist komt omdat it de iennichste pineholle-klinyk yn it lân is. Der wurdt dêrom besocht it behannelprogramma ek yn oare sikehûzen yn Nederlân yntrodusearen. Dêrneist komt der ek in ekstra neurolooch.