Hiddink nije manager Cambuur

04 jul 2006 - 17:50

Jan Willem Hiddink wurdt de nije kommersjeel manager van Cambuur Ljouwert. Dat is tiisdei bekend makke troch de klub.

De 39-jierrige Hiddink (gjin famylje!) wurke yn it ferline foar de Grolsch Bierbrouwerij. En neffens Cambuur is hy dêrtroch goed bekend mei betelle fuotbalorganisaasjes. Mei de oanstelling fan Hiddink is it nije managementteam fan de klub sa goed as rûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)