Hjitteweach no offisjeel

© Omrop Fryslân
No't de temperatuer tiisdei op 'e nij de 30 graden passeard hat kinne we offisjeel prate fan in hjitteweach yn Fryslân. Op guon plakken yn it Fryske binnenlân is it ek boppe de 30 graden. Dat docht bliken út de gegevens fan ús waarman Piet Paulusma.
Fannacht bliuwt it waarm, want de temperatuer komt net ûnder de 19 graden. Woansdei wurdt it ek tige waarm: 27 graden oan see oant 31 yn it binnenlân.