Wetterskip mjit dûkers en stuwen
Likernôch alle keunstwurken fan Wetterskip Fryslân wurde op it stuit neimetten troch seis lânmjitters. It giet om hast 28.000 objekten lykas dûkers en stuwen. Alle gegevens wurde registreard.
Dat alles metten wurdt, hat te krijen mei de fúzje fan de seis Fryske Wetterskippen. Want dy wetterskippen registrearden en metten de keunswurken net op deselde wize. Dat moat dus oer. It neimjitten duorret trije jier.