Achtkarspelen sammelt âld papier

© Omrop Fryslân
Achtkarspelen begjint yn augustus mei it hûs-oan-hûs ynsammeljen fan âld papier. Mei it nije systeem moat it âld papier better skieden wurde fan it oare ôffal. It bedarret no noch tefolle yn de grize konteners. In bettere skieding besparret ek jild.
De minikonteners mei âld papier wurde ien kear yn de moanne lege troch ôffalferwurker Omrin. Ferienings, skoallen en tsjerken dy't it no noch dogge, krije finansjele kompinsaasje