Noch wetter genôch seit Vitens

04 jul 2006 - 10:15

Wetterbedriuw Vitens stelt noch gjin grinzen oan it ferbrûk fan wetter. Troch it waarme waar wurdt der dizze dagen folle mear wetter brûkt. Oars is dat 122.000 kubike meter deis. No is dat 28.000 kúb mear.

Earder wie it sa dat Vitens minsken warskôge net al te folle wetter te brûken. Omdat Vitens de saken dit jier goed op oarder hat, kin der better ynspile wurde op de fraach nei wetter.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)