Axwijk fan Grins nei Cambuur

03 jul 2006 - 19:26

Cambuur Ljouwert hat wer twa nije spilers oanlutsen foar it kommende seizoen. De 20-jierrige middenfjilder Shutlan Axwijk komt oer fan FC Grins. Hy hat foar ien jier by Cambuur tekene. Axwijk hat ferline jier noch Oranje ûnder de 19 fuotballe.

In oare oanwinst is Leon Ramos. Hy komt oer fan FC Omniworld. Hy sil earst ien jier op amateurbasis fuotbalje by de Ljouwerter earste divistionist.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)