Jonkje (4) ûnder de auto

03 jul 2006 - 17:22
Foto: Omrop Fryslân

In jonkje fan fjouwer jier is sneontejûn ferwûne rekke by in ûngelok yn Ljouwert. It jonkje stuts samar ynienen de Tynjedyk oer. In autobestjoerder út Ferwert koe him net mear ûntwike.

It jonkje hie in harsensskodding en rekke ferwûne oan 'e skonken. Hy waard mei de ambulânse oerbrocht nei it sikehûs yn Ljouwert.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)