Goederenbank op kampanje

03 jul 2006 - 16:32

De goederenbank yn Ljouwert hâldt fan 10 oant en mei 14 july in aksje om mear bekendheid te krijen. By de goederenbank kinne minima hiel goedkeap of fergees oan klean, skuon of meubels komme.

It is in inisjatyf fan de stifting Arm en Rijk. Dy sil no yn fiif dagen tiid mei in wetterfyts by de alve stêden lâns. De stifting hopet sa oan sponsoren te kommen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)