Weening 62ste yn Straatsburch

03 jul 2006 - 16:00

Pieter Weening fan De Harkema waard snein 62ste yn 'e earste echte etappe fan de Tour de France. Weening siet yn it peleton en finishte yn deselde tiid as de winner, de Frânsman Jimmy Casper. Hy wûn nei 184,5 kilometer de massasprint foar Robbie McEwen en Erik Zabel.

De Amerikaan George Hincapie ferovere dy giele trui fan de Noar Hushovd, dy't foel. Moandei giet de Tour fierder nei Lúksemboarch.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)