'Yn 2010 wer Friesland Vaart'

03 jul 2006 - 14:13

Oer fjouwer jier is der wis wer in Friesland Vaart. Dat seit foarsitter Jos Pacques. It evenemint waard dit wykein ôfsletten yn Ljouwert mei in grut fjoerspektakel yn 'e binnenstêd en in grut dûnsfeest op snein op it Saailân. De edysje 2006 fan Friesland Vaart is neffens Pacques in súkses.

Pacques wol de foarm fan Friesland Vaart mei twa ferskate routes noch wol kritysk evaluearje, mar hy is benammen optein oer de slagge edysje fan 2006.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)