7.000 dance-fans op it Saailân

03 jul 2006 - 14:13

It dance-event op it Saailân yn Ljouwert ferrûn sneintemiddei sûnder grutte problemen. It wie fansels tige waarm, mar mei help fan brânslangen, ekstra wetter en de ynset fan it reade krús waard it publyk foarsjoen fan ferkuolling.

De Ljouwerter diskjockeys Joop en Mark Norman draaiden middeis oardel oere foar in publyk fan sa'n 7.000 dance leafhawwers. Sneintejûn mei Ferry Korsten wurdt mear folk ferwachte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)