Soad folk by fjoerfeest Ljouwert

© Omrop Fryslân
Sa'n 25.000 minsken kamen sneontejûn ôf op it slotspektakel fan Friesland Vaart yn de Ljouwerter binennstêd. Mei tûzenen fjoerpotten wiene de grêften en it Westerpark omstjoene ta in mearke fan ljocht en fjoer.
De Frânske teatergroep Carabosse wie ferantwurdlik foar it spektakel. Troch it moaie waar en de gloed fan de flammen like Ljouwert wol in stêd yn Súd-Europa. Carabosse hie in wike wurk om it spektakel ta te rieden.