Nij skilderij foar Huismanmuseum

© Omrop Fryslân
It Jopie Huismanmuseum yn Warkum hat der in nij, ûnbekend skilderij fan Huisman by. It skilderij hjit 'Trije manlju yn in pream' en kaam foar it ljocht yn in Fryske galery. De freonekring fan it museum kocht skilderij it oan.
It skilderij is nei alle gedachten yn 1961 makke. It museum hie oant no ta net folle wurk út dt perioade. Huisman skilderij doe wat ekspressiver as yn syn folle bekendere lettere wurk.