Rêdingsboat Skier hellet bern op

02 jul 2006 - 17:27

De rêdingsboat fan de KNRM op Skiermûntseach moast sneon yn aksje komme om in groep skoalbern fan in sânbank te heljen. In groep skoalbern fan in jier as 15 wie troch it opkommende wetter ynsletten op in sânbank. Se besochten sels fan 'e plaat ôf te kommen, mar troch de djipte en de streaming slagge dat net.

De learlingen fan it Zernike College yn Grins waarden rêden troch de rubber rêdingboat Heek.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)