Bert Krans yn giele trui

© Omrop Fryslân
Bert Krans fan De Wylp is nei de earste dei fan de seisdaachse fan it 'Noordenveld-Westerkwartier' de lieder fan it klassemint. Krans wûn sneon yn syn eigen doarp de prolooch en waard fyfde yn it kritearium.
Jenning Huizenga fan Frjentsjer pakte de winst yn it kritearium. Marco Bos en Folkert de Haan waarden twadde en tredde. Snein wurdt der fytst yn Peize. Dêrnei folgje Nieuw-Roden, Tolbert, Hoogkerk en Mearum.