Fytspaad kin faaks langer iepen

© Omrop Fryslân
Deputearre Andriesen wol ûndersykje oft it nagelnije fytspaad fan Blauhûs nei Aldegea ek langer iepen kin as de simmermoannen. Andriesen sei dat sneon by de iepening fan it fytspaad. It paad kin fan septimber oant april net brûkt wurde, fanwege de oanwêzigens fan de seldsume lytse reidgoes.
Greidboer Hylke Feenstra fynt it ûnsin dat it paad winterdeis ticht moat. Neffens him hat de reidgoes gjin inkelde lêst fan it paad.