Nij plysjesintrum yn Drachten

© Omrop Fryslân
Drachten krijt in grut nij plysjesintrum op it bedriuweterrein by de A7. Yn it sintrum komme alle treningsfasiliteiten foar de plysje en ek it sûnenssintrum, dat no noch op de Jouwer sit. Ek it Fryske diel fan de noardlike rezjerzje-ienheid komt yn it nije gebou yn Drachten.
Yn de hjerst moat bekind wurde hoe grut it nije gebou krekt wurde moat, om’t dan de noardlike rezjerje-ienheid dan echt los giet.