Soad drinkwetter op Wâldrock

01 jul 2006 - 17:03
Foto: Omrop Fryslân

De organisaasje fan it Wâldrockfestival hat in soad wetter klearstean om de besikers koel te hâlden. Dy maatregel is nommen omdat der temperatueren fan om de 30 graden hinne ferwachte wurde. Foar it poadium leit in wetterslange, om it publyk wiet te spuitsjen. Ek der is ek wetter yn de ferkeap.

De organisaasje hopet dat de besikers net allinnich bier drinke, want dat is net ferstannich by sok waarm waar.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)