'Kabinetsfal hielendal net min'

© Omrop Fryslân
De fal fan it kabinet is net op foarhân min foar Fryslân. Dat seit deputearre Anita Andriesen. Sy is ek partijlieder fan de Partij van de Arbeid, ôfdieling Fryslân. Neffens Andriesen hat it kabinet-Balkenende benammen each foar de rânestêd en komt it noarden oan 'e krapperein.
Kommisaris Nijpels sei freedtemoarn foar Omrop Fryslân Radio dat de krisis net goed is foar Fryslân. Andriesen is it dêr net mei iens.