Erkenning foar S-Team Ljouwert

01 jul 2006 - 11:46

It Strjittalintteam yn Ljouwert hat lanlike erkenning krige. It team hat yn Utrecht de oanmoedigingspriis fan Forum krige, in ynstitút foar multykulturele ûntwikkeling.

It S-Team bestiet út jongerein dy't op strjitte in rolmodel ferfolje foar oare jongeren fan tolve oant 23 jier. In moanne nei de oprjochting hie it team al kontakt mei sa'n fyftjin jongeren. Dy hawwe problemen en krije gjin help fan ynstellings.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)