Werle sechsde op NK Skaken

© Omrop Fryslân
Jan Werle fan Beetstersweach is as dield sechsde einige op it Nederlânsk kampioenskip skaken yn Hilversum. Werle kaam yn 'e lêste wedstryd net fierder as in remise tsjin John van der Wiel.
Frysk-om-útens Yge Visser fan Grins waard lêste. Hy ferlear syn lêste wedstryd fan titelferdigener Loek van Wely. Sergei Tiviakov naam de Nederlânske titel oer fan Van Wely.