Remco Heite-skaaktoernoai

01 jul 2006 - 11:17

Lanlike topskakers lykas Timman, Van Wely en Werle sille fan 't hjerst oanskowe op it Remco Heite-skaaktoernoai yn Wolvegea. Dat sil wêze op 24, 25 en 26 novimber yn it Van der Valk-hotel. It toernoai is neamd nei âld-boargemaster Heite. De toppers dogge mei oan in seiskamp.

It toernoai wurdt mooglik makke troch it bedriuwslibben en de Stellingwerver gemeenten. Foar basisskoallebern is op 25 novimber in grut skaaktoernoai.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)