Frysk swimwetter goed

30 jun 2006 - 17:15
Foto: Omrop Fryslân

De kwaliteit fan it swimwetter oan de strannen op de Fryske Waadeilannen en by Harns is goed. Undersyk troch Rykswettersteat hat dat útwiisd.

It seewetter is ûnder oare kontrolearre op punten lykas de soergraad, de kleur en hoefolle baktearjen deryn sitte. It Fryske seewetter skoart op alle punten in foldwaande. Rykswettersteat ûndersiket de strannen om 'e wike.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)