Nijpels: 'Fal kabinet net goed'

© Omrop Fryslân
De fal fan it kabinet-Balkenende is net goed foar it lân en dus ek net foar Fryslân. Dat seit kommissaris fan 'e Keninginne Nijpels. Neffens him is it net goed dat it regear dermei ophâldt yn in perioade fan wichtige besluten en de begrutting yn septimber.
Nijpels neamt D66 de haadskuldige. Dy partij hie nei it debat oer de naturalisaasje fan Ayaan Hirsi Ali gjin betrouwen mear yn it regear.