Reduzum en Berltsum yn finale

30 jun 2006 - 12:48

Op de 9e dei fan it iepen Frysk Kampioenskip Jeu de Pelote yn Easterlittens binne tongersdeitejûn de beide heale finales ôfwurke. Berltsum hie gjin muoite mei Jirnsum, it waard 8-1. Yn de oare heale finale kaam Reduzum mei 5-2 achter tsjin Winsum, mar wûn úteinlik dochs mei 8-5.

Freedtejûn is op it Littenser plein om healwei achten de finale tusken Reduzum en Berltsum.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)