Seip oan 'e slach yn Ruslân

© Omrop Fryslân
Fuotballer Marcel Seip giet ynkoarten nei Ruslân. De 23-jierrige ferdigener spilet al sûnt syn jeugd by sportklup Hearrenfean, mar syn kontrakt waard oan it ein fan it ôfrûne seizoen net ferlingd.
Seip hat no fia syn saakwaarnimmer kontakten opdien yn Ruslân. Neffens Seip binne der in oantal klups ynteressearre en hat hy sels wol sin oan in aventoer yn Ruslân.