Ynboedel Enna net nei Dútslân

30 jun 2006 - 09:25

De ynboedel fan it fallite spuitbus- fabryk Enna Aerosols giet net werom nei Dútslân. Dat is de útkomst fan in koart pleit yn Ljouwert. De saak is oanspand troch in twatal Dútse bedriuwen, eigendom fan famyljeleden fan eardere Enna-eigner Andreas Trost.

It spuitbussefabryk yn Dokkum waard earder dit jier fallyt ferklearre en hat in trochstart makke mei in nije eigner. Kurator Rotshuizen dy't de skulden behertiget, is tefreden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)