Littenseradiel kin wer fierder

© Omrop Fryslân
De bemiddeling fan John te Loo yn de bestjoerskrisis yn Littenseradiel hat fertuten dien. It konflikt is foar- earst oer. Oanlieding foar it konflikt wiene de krityske opmerkings fan boargemaster Liemburg oer hoe't it nije kolleezje fan b&w ta stân kaam. Dêrmei skeinde sy it fertrouwen fan ûnder oaren de PvdA en de VVD.
Ald-boargemaster Te Loo fan Ljouwert prate tongersdei mei de partijen. Yn novimber komt der in evaluaasjemomint.