Ynvestearrings yn Fryske diken

29 jun 2006 - 15:29

De kommende jierren wol de provinsje goed 102 miljoen euro ynvestearje yn de Fryske diken. It giet om bygelyks de rotonde by Tsjummearum en de dyk Berltsum-Sint Anne.

Troch in rekkenfout moatte 3 projekten útsteld wurde. De provinsje hie dêr 24 miljoen euro foar útlutsen, mar bliken docht dat it 20 miljoen euro djoerder útfalt fanwege oprinnende kosten. It wurk oan de dyk Boalsert-Ljouwert wurdt dêrtroch pas nei 2011 ôfmakke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)