Boerepreammeklup royeart 2 leden

29 jun 2006 - 14:53

De leden Ulbe Zwaga fan Grou - net de Ljouwerter skûtsjeskipper - en Geart Pekema fan Broek fan de feriening De Fryske Boerepream wurde royeard omdat se meidien ha oan in konkurrearjende bedriuwekompetysje.

De preammeferiening hat oer it silen fan dizze Business Cups in eksklusyf kontrakt sletten mei bedriuw de Zeilcompagnie. De royearde leden hawwe syld foar in oare Business Cup wylst alle leden skriftlik warskôge binne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)