Jonges goaie aaien fan fiadukt

© Omrop Fryslân
Twa jonges fan 13 en 14 jier binne woansdei yn Kollumersweach trapearre op it smiten fan aaien fan in fiadukt. Ien fan de aaien trof de auto fan in 48-jierrige man út Kollumersweach.
Troch it stikkene aai koe de man net folle mear sjen troch it autorút. Mei in fikse stjoerkorreksje koe er de auto op de dyk hâlde. De automobilist hat de jonges sels opspoard en nei it plysjeburo brocht. De jonge fertochten komme út Noardburgum en Broeksterwâld.