Fraude troch rydynstrukteur

© Omrop Fryslân
In 51-jierrige rydynstrukteur út Diemen hat 1500 euro boete krigen om't hy in man yllegaal oan in rydbewiis helpe woe. De saak kaam oan it ljocht by in rydeksamen op it Hearrenfean.
Dêr kamen twa minsken mei deselde namme by de eksaminator. De iene wie de rydynstrukteur dy 't it plak ynnaam hie fan de eksamenkandidaat om de man sa maklik oan in rydbewiis te helpen. De oare man wie de eksamenkandidaat sels.