Fryslân krijt 177 miljoen

© Omrop Fryslân
Fryslân krijt oer de kommende sân jier ûngefear 177 miljoen euro út it saneamde Investeringsbudget Landelijk Gebied, it ILG. It jild is bedoeld om grûn oan te keapjen foar natuer, de oanlis fan rekreaasjegebieten en om maatregels te nimmen tsjin de ferdroeging fan de boaiem.
It ryk hat meiinoar 3,2 miljard euro foar it plattelân stutsen yn it ILG. Woansdei binne de provinsjes ta in ferdieling kaam.