Trio Johan van der Meulen wint

29 jun 2006 - 10:56
Foto: Omrop Fryslân

It partoer fan Johan van der Meulen, Kor Zittema en Taeke Triemstra wûn woansdei de frije formaasje partij op It Hearrenfean. Yn de finale fan de saneamde 'Masters' kaam alle hout oan'e telegraaf. Op dy stân moast it trio fan Sibbele Lootsma, Hylke Bruinsma en Marten Feenstra belies jaan.

De tredde priis wie foar Geert Faber, Jacob en Chris Wassenaar. Johan van der Meulen waard útroppen ta kening.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)