Skeaclaim Fiberworld by KPN

© Omrop Fryslân
Ynternetprovider Fiberworld fan It Hearrenfean leit in skeaclaim del by it telekomkonsern KPN. KPN hat de ynternetklanten fan Fiberworld ôfsletten fan it ynternet omdat it Fryske bedriuw in tal rekkens net betelle hawwe soe.
Direkteur Robert Wijnen fan Fiberworld bestriidt dit en seit dat it giet om in saaklik mieningsferskil. Yntusken wurdt Fiberworld wol platbelle troch klanten dy't gjin ynternet mear ha.